VV Hearrenfean kin nije wike kampioenstitel pakke

03 maaie 2015 - 17:25

VV Hearrenfean kin nije wike de titel pakke yn de twadde klasse K fan it amateurfuotbal. As de Feansters winne fan it al degradearre Velocitas is de titel binnen. Snein spilen de Feansters mei 0-0 lyk tsjin Wolvegea, mar de skea foel ta omdat konkurrint Frisia yn Grou mei 2-0 ûnderút gong tsjin GAVC.

Hearrenfean bliuwt dêrtroch koprinner yn de twadde klasse K en is by winst nije wike wis fan de titel en promoasje nei de earste klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)