Soad belangstelling foar iepen Joadske hûzen yn Snits

03 maaie 2015 - 15:50
  • Iepen Joadske huzedei

De earste Snitser edysje fan 'Open Joodse Huizen' hat snein flink wat publyk lutsen. Ek yn kafee Vellinga, dat fan de Joadske famylje Pino wie. Sy oerlibben de oarloch net. Harren ferhaal waard ferteld.

It publyk kaam ek mei eigen ferhalen oer de famylje Pino. En sa waard it Joadske ferline fan Snits wer ta libben brocht. Mei elkoar wiene der acht lokaasjes yn Snits dêr't omtinken wie foar it Joadske ferline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)