Eigener fan ytgelegenheid bedrige, mishannele en opsletten

03 maaie 2015 - 10:26

De eigener fan in ytgelegenheid oan De Weerd yn Ljouwert hat sneontenacht oerenlang opsletten sitten nei in oerfal. Om goed healwei fiven kamen twa manlju de saak yn. Se bedrigen en mishannelen de eigener en ha him dêrnei yn in aparte romte opsletten.

Mei in ûnbekend jildbedrach binne se dêrnei fuortgien. It slagge de man pas nei in skoft om himsels te befrijen en de plysje te beljen. De eigener wie hiel emosjoneel en is nei it sikehûs brocht foar kontrôle fan syn ferwûningen. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)