Drachtster Boys komt net ta skoaren

02 maaie 2015 - 16:48

Drachtster Boys kaam sneon net fierder as in teloarstellend 0-0 lykspul tsjin VVOG. Op eigen fjild wienen de bêste kânsen foar de Drachtsters. Benammen Kevin Bakels wie ticht by de iepeningstreffer, mar syn kopbal koe keard wurde troch de keeper.

Nei rêst krige Sicco Bouwer in goede mooglikheid mar hy skoarde net. Mei noch in kertier op de klok hie Jan Stoker de winnende treffer op 'e holle, mar syn kopbal gong oer. Ek Aziz Geyik skoarde net, wêrtroch't de Drachtsters mar in punt oerhâlden oan de wichtige wedstriid.

Troch it lykspul komt Drachtster Boys op 31 punten. Nije wike stiet de lêste wedstriid op it programma tsjin WVF.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)