Alde wetterput yn Tsjalhuzum wer yn gebrûk nommen

02 maaie 2015 - 16:34
  • Wetterput by Tsjalhuzum
  • Wetterput by Tsjalhuzum
  • Wetterput by Tsjalhuzum
  • Tsjalhuzum

Tsjalhuzum hat wer in wurkjende wetterput. De put is der al ieuwenlang, mar is 250 jier lyn tichtgoaid. Frou Klein, neiteam fan frou Tjall Tjallema út 1331, nei wa't it plak neamd is, hat de put sneon offisjeel yn gebrûk naam.

Tsjalhuzum is net mear as in tsjerketoer op it hôf en in pear buorkerijen. Eartiids stie der ek in tsjerke, mar dy is yn 1820 ôfbrutsen. Dit is ek te lêzen op it nije ynformaasjeboerd dat troch de 30 bewenners oanbean is. De put is iepengroeven en opmitsele troch in klup frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)