MFS yn Aldega (Sm.) offisjeel iepene

02 maaie 2015 - 16:03
  • Iepening MFS yn Aldegea (Sm.)

It multyfunksjoneel sintrum yn Aldegea is sneon offisjeel iepene troch boargemaster Van Bekkum fan de gemeente Smellingerlân. It doarp hat trettjin jier striden foar in eigen sintrum. Yn it MFS sitte in sportseal, in kantine, in húsarts, in jeugdsoas en in âldheidskeamer. De ynwenners fan it doarp binne grutsk op it resultaat.

Ek is de nije namme fan it MFS bekend makke. It hyt De Gearrin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)