Auto rydt wenning binnen yn Oranjewâld

02 maaie 2015 - 15:43
  • Auto rydt hûs Oranjewâld yn
  • Auto rydt wenning binnen yn Oranjewâld

Yn Oranjewâld is sneontemiddei in auto in wenning oan de Prinses Irenelaan ynriden. De auto soe achterút fan de oprit fan de oare kant fan de strjitte ôf oer de hage hinne de wenning ynriden wêze.

De bestjoerder is nei it sikehûs brocht. Nei alle gedachten wienen de bewenners net thús. De ravaazje is grut, in part fan it hûs is mei peallen te skoar set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)