Grutte loads fan Bakker Transport op It Hearrenfean iepene

02 maaie 2015 - 12:04

Op It Hearrenfean iepenet boargemaster Van der Zwan sneon it nije Foodgrade Warehouse fan Bakker Transport. It giet om in grutte loads fan 13 meter heech, fan 5.400 kante meter. Oare bedriuwen kinne by Bakker pallets mei guod opslaan.

Dat opslaan bart op kompjûterstjoerde ridende stellingen fan 40 lang en 13 meter heech. Dy skowe tsjin mekoar oan en dêrtroch kin folle mear guod opslein wurde. Bakker hat syn opslachkapasiteit mear as ferdûbele. It tal wurknimmers is fan 15 nei 55 tanommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)