Fryske Eva's wolkom by eilantsje Eva yn Snitsermar

02 maaie 2015 - 10:30

Yn de Snitsermar wie earder in bysûnder eilantsje, mei de namme Eva. Yn it begjin fan de njoggentjinde ieu foarme dat eilantsje in ienheid mei it eilân Adam. Mar troch de krêft fan it wetter dreaunen beide eilantsjes stadich út elkoar. Uteinlik bleau net folle fan Eva oer.

De lêste jierren is hurd wurke om it eilantsje Eva wer foarm te jaan as ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt. Op freed 22 maaie is de offisjele iepening. Foar dit histoaryske momint binne alle Eva's yn Fryslân wolkom.

Eva's kinne har oanmelde fia mattie@camerikvoortman.nl. Om 11.15 oere kinne se har melde by de brêge Hearresyl by Terherne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)