Frijwillige brêgewippers betsjinje jûns de Balkster brêgen

01 maaie 2015 - 22:21
  • Brêge yn Balk iepene troch frijwillige brêgewipper

De brêgen yn Balk wurde fan 1 maaie ôf oant 1 oktober langer betsjinne. De brêgen, dy't beheard wurde troch de gemeente De Fryske Marren, gongen oant no ta om kertier oer fjouweren op slot.

Pleatslik belang Balk Vooruit hat mei in aksje in groep frijwilligers oanlutsen dy't de brêgen de hiele simmer oant sân oere jûns iepenhâldt.

Toeristen mei boatsjes kinne sa langer yn it doarp bliuwe. Doarpsbelang ferwachtet dat dit mear reuring en gesellichheid yn Balk bringe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)