Alvestêde Bijelint Fryslân nominearre foar natoerpriis

01 maaie 2015 - 20:04
  • Ferskate wethâlders ûndertekenen de yntinsjeferklearring foar it bijelint

It Alvestêde Bijelint Fryslân is nominearre foar de Nationaal Groenfonds Natuurprijs 2015. It bijelint is in inisjatyf fan byldzjend keunstner Marijke de Bie út Marsum. Yn oparbeidzjen mei Fryske gemeenten organisearret se by de alvestêderûte del aktiviteiten dy't mei bijen te krijen hawwe. De Groenfonds natuurpriis is bedoeld foar projekten dy't each hawwe foar sawol minsk as natoer. Op 21 maaie wurde de priiswinners bekend makke. It prizejild foar it winnende projekt is 10.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)