Bou MFS De Westereen noch yn folle gong, bar alfêst iepen

01 maaie 2015 - 19:06

It nije MFS yn De Westereen is noch lang net klear, mar dochs nimt de fuotbalferiening sneon al de nije kantine yn gebrûk. De fuotbalferiening hat ferlet fan ynkomsten. It bestjoer hat besletten om earst de âlde bar, tafels en stuollen tydlik yn de nije kantine te pleatsen. De nije ynrjochting komt letter.

De oare romten binne ek noch net klear foar gebrûk. It giet dan bygelyks om de keuken, klaaikeamers, dûsen en de gearkomsteromten. Yn it MFS krije ek twa basisskoallen, in bibleteek, in pjutteboartersplak en in jongereinsintrum plak.

Trefwurden: 
De Westereen MFS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)