Fryske stichtings springe yn de bres foar help oan Nepal

01 maaie 2015 - 18:45

Nepal stie freed de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. De gearwurkjende helpynstânsjes sammelje jild yn fia giro 555 foar it troch de swiere ierdbeving troffen lân. Njonken de grutte ynstânsjes bin der ek tal fan lytse initsjativen.

Yn Fryslân giet it dan om stichtings dy't bygelyks bern oan ûnderwiis helpe of besykje medyske foarsjennings yn it lân op te bouwen. Ien fan dy stiftings is Vrouwen voor Vrouwen. Sy helpe Nepalese froulju dy't in liifmoerfersakking.

Stichting project Pema is ek aktyf yn Nepal. Sy biede famkes ûnderwiis.

Fierder helpe se by bygelyks de oanlis fan drinkwetterfoarsjennings nei lytse doarpkes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)