Kabinet wol juridysk advys oer wizigings yn gaswinningswet

01 maaie 2015 - 16:30
  • Boarplatfoarm yn de Noardsee

It kabinet wol juridysk advys ynwinne oer de wizigings dy't de Twadde Keamer hawwe wol yn de wet oer de gaswinning. De Keamer hat ferskate amendeminten oannaam op de Mynbouwet. Dan giet it bygelyks oer fergunnings foar gaswinning yn natuergebieten. De Twadde Keamer wol sa besykje yn alle gefallen de gaswinning op Skylge te kearen.

Minister Kamp kin dy amendeminten net njonken him dellizze. Hy kin wol de hiele wet ynlûke, dat hy wol no útsykje litte oft dat moat. Kamp is it net iens mei de wizigings dy't de Keamer yn de wet hawwe wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)