Treinstasjon It Hearrenfean krijt tagongspoartsjes

01 maaie 2015 - 15:22
  • Tagongspoartsjes op treinstasjon

It treinstasjon fan It Hearrenfean is aanst net mear tagonklik sûnder kaartsje. De NS hat oankundige dat it stasjon yn de twadde helte fan dit jier tagongspoartsjes krijt. It is dêrmei it earste stasjon yn Fryslân.

Yn Rotterdam is freed in begjin makke mei de tagongspoarten yn de striid tsjin swartriden en agresje yn it iepenbier ferfier. Fan de fjouwerhûndert treinstasjons yn hiel Nederlân krije 82 tagongspoartsjes. Minsken kinne dêr allinnich trochhinne as se de iepenbier ferfierkaart foar in kaartlêzer hâlde.

Ljouwert wol de poartsjes op it stasjon net. De gemeente fynt dat se ûngastfrij oerkomme, benammen mei it each op de Kulturele Haadstêd yn 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)