Fryske stichting SMPN sammelet sels jild yn foar Nepal

01 maaie 2015 - 14:28
  • studentenprojectnepal.nl

De Fryske stichting Studenten en Musaharprojekt Nepal (SMPN) kriget in soad stipe nei de ierdbeving yn Nepal fan ferline wike. De Fryske stichting set him yn foar ûnderwiis oan bern en jongerein yn it berchgebiet Gorkha. Dat is ien fan de earmste streken fan Nepal. De ierdbeving hat dêr in soad slachtoffers easke.

Minsken fan de stichting wiene mei de ierdbeving yn Gorkha. Se hawwe it der allegearre goed ôf brocht. Se binne yntusken werom yn Nederlân. Dêrwei koördinearje se de helpferliening oan kunde dêr.

De stichting docht net mei oan de lanlike aksje fan giro 555. De helporganisaasjes dy't dêrby oansletten binne, koene net garandearje dat jild yn Gorkha terjochte komt. Omdat SMPN sels al jierren kontakten hat yn Nepal, like it de stichting dêrom better ta om sels jild yn te sammeljen.

Mear ynformaasje oer de Studenten en Musaharprojekt Nepal is te finen op harren webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)