Gemeenten gean troch mei opfang útprosedearre asylsikers

01 maaie 2015 - 14:06

It gemeentebestjoer fan Smellingerlân lit yn in brief oan de Twadde Keamer witte dat de gemeente de needopfang fan útprosedearre asylsikers trochset. Koälysjepartijen VVD en PvdA yn de Twadde Keamer wolle de opfang inkeld yn fiif grutte stêden tastean. De needopfang op oare plakken, lykas yn Smellingerlân, soe dan ophâlde moatte. Mar de gemeenteried fan Smellingerlân hat fan 'e wike krekt in moasje oannommen foar it behâld fan de needopfang.

De gemeente kin in boete krije as se trochgean mei de needopfang.

Der wurdt yn Smellingerlân op it stuit wurke oan in nije needopfang, betelle troch de gemeente. Frijwillligers fan ferskate tsjerken dogge alle war om in leechsteande rychjeswente yn Drachten op te kreazjen. Fjouwer froulju dy't foarearst gjin ferbliuwsstatus krigen hawwe, krije dêr in plak.

Yn Dongeradiel hat de gemeenteried tongersdei ek in moasje oannaam foar behâld fan needopfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)