Lutz Jacobi: Meitsje 1 maaie wer ta nasjonale feestdei

01 maaie 2015 - 13:53
  • Lutz Jacobi op in 1 maaiefiering op It Hearrrenfean

Ien maaie moat wer in nasjonale feestdei wurde, sei PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi freed op de 1 maaie-fiering op It Hearrefean. Sy wol dat der takom jier op 1 maaie by Tjaarda yn Oranjewâld wer in tintefol sosjalisten wêze sil, sa't dat yn it ferline ek wie. Der soene ek wer manifestaasjes op strjitte komme moatte. Troch 1 maaie wer better op de kaart te krijen, soene de idealen fan de PvdA ek wer better foar it fuotljocht komme moatte.

Op de 1 maaiefiering op It Hearrefean kaam mar in lyts groep minsken ôf, sawart fjirtich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)