Wethâlder Dongeradiel oerlibbet moasje oer Omrin

01 maaie 2015 - 12:51

In moasje fan wantrouwen fan opposysjepartijen Algemien Belang Dongeradiel, VVD, PvdA en Dongeradiel Sosjaal tsjin wethâlder Pytsje de Graaf hat it net helle. Sy soe gjin goede foarljochting jûn hawwe oer ôffalferwurker Omrin.

Fiif jier ferlyn rette it kolleezje de gemeenteried oan om de oandielen fan Omrin te ferkeapjen en in oare ôffalferwurker te sykjen. No krige de ried it advys om by Omrin te bliuwen, oars soe te djoer wurde. De partijen hawwe der gjin betrouwen yn dat wethâlder De Graaf it dossier goed fierder útfiert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)