Bistebeskerming komt op foar hoanne op Kallemooifeest

01 maaie 2015 - 12:18

De bistebeskerming yn Fryslân docht wer in oprop oan de organisaasje fan it Kallemooifeest op Skiermûntseach om gjin hoanne yn in koer op 20 meter hichte trije dagen lang op te sluten. Al mear as fyftich jier is dat tradysje by it feest. Der is neffens de organisaasje noch nea in hoanne deagien of siik wurden. De organiaaasje wie ferline jier ek frege om it net te dwaan en doe wegere se it ek.

De bistebeskerming sjocht net yn wêrom't it sa wichtich is dat in bist opsletten wurdt. De hoanne soe der in soad stress fan krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)