Provinsje hâldt mear as 10 miljoen oer yn 2014

01 maaie 2015 - 12:00

De provinsje Fryslân hat finansjeel in goed jier hân. Yn it jier 2014 is mear as 10 miljoen euro oerbleaun op de begrutting. Dat komt ek omdat guon grutte dykprojekten goedkeaper útfoelen. It wurk oan de Heak om Ljouwert, de N382 en de Drachtsterwei wie 32 miljoen goedkeaper as tocht. Mar de fly-over by De Jouwer wurdt wer 4.6 miljoen euro djoerder as begrutte. De Sintrale As en oare projekten lizze finansjeel op skema.

Oer de besteging fan de 10 miljoen euro moat it nije kolleezje noch in beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)