Omrop Fryslân stiet yn it teken fan aksjedei foar Nepal

01 maaie 2015 - 11:44

Yn hiel Nederlân wurdt freed stilstien by de slachtoffers fan de ierdbeving yn Nepal. Op dizze lanlike aksjedei wurdt der besocht om safolle mooglik jild op te heljen fia Giro 555 fan de gearwurkjende helporganisaasjes. Ek by Omrop Fryslân is der in soad omtinken foar de natuerramp. Sa binne der de hiele dei troch petearen mei Friezen en Fryske organisaasjes, dy't aktyf binne yn Nepal.

Oant no ta binne der mear as 6000 deaden en 14.000 ferwûnen. Noch altyd kinne hûnderttûzenen minsken net berikt wurde. Fan sawat twahûndert Nederlanners is sûnt sneon neat mear heard. De helpferliening begjint no goed op gong te kommen. De ierdbeving hie in kêft fan 7,8 op de skaal fan Richter. It wie de swierste yn mear as tachtich jier yn Nepal.

Amsterdam is it middelpunt fan de aksjedei. Minsken kinne dêr donaasjes bringe of ynspiraasje opdwaan om sels in aksje te begjinnen. Neffens de helporganisaasjes is der soad jild nedich foar direkte needhelp, lykas iten, wetter, klean, medyske foarsjennings en ûnderdak.

Child Support Nepal út Sint Anne is in lytskalige stichting dy't al jierren de soarch hat foar in skoalle en tehûs yn de haadstêd fan Nepal. De ierdbeving wie ôfrûne sneon en dat is no krekt de iennigste dei yn 'e wike dat de skoalle sletten is en de bern thús binne. Spannend wie it dus foar de famylje Wiersma fan Child Support, omdat it wol efkes duorre foar't dúdlik wie oft alle bern en harren families de ierdbeving oerlibbe hienen.

Ek de Ried foar de Tsjerken docht lanlik mei oan de aksjedei en ien fan de earste tsjerken dy't yn Fryslân yn aksje kaam wie de PKN - ofwol de Doarpstsjerke fan Langwar.

Trefwurden: 
aksjedei giro 555 Nepal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)