Twadde Keamer foar behâld banen yn gerjochtshôf Ljouwert

01 maaie 2015 - 10:44

De Twadde Keamer hat tongersdeitejûn in moasje oannommen foar it behâld fan banen by it gerjochtshôf yn Ljouwert. By it hôf gean moglik 54 banen ferlern troch de ferhuzing fan de Ried foar Rjochtspraak nei Zwolle. Neffens de yntsjinners fan de moasje, PvdA en D66, driigje der hieltyd mear arbeidsplakken by justysje yn Ljouwert te ferdwinen. Fierders soe sa de mooglikheid fan minsken om Frysk te praten op rjochtsittings ferdwine.

In moasje fan it CDA om Ljouwert as folweardige justysjestêd te behâlden helle it net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)