Grut ferlies boubedriuw Ballast Nedam

01 maaie 2015 - 07:51
  • CEO Erik van der Noordaa (L) en CFO Peter van Zwieten

Boubedriuw Ballast Nedam hat ferline jier in ferlies makke fan 103 miljoen euro. It bedriuw ferliest miljoenen op grutte ynfrastrukturele projekten. Earder stelde it bedriuw it bekend meitsjen fan de jiersifers út. Achter de skermen is fan 'e wike mei de banken in akkoart sletten om it bedriuw fan in fallisement te rêden.

As it misgiet mei Ballast Nedam, dan kin dat grutte gefolgen hawwe foar de bou fan de nije iisbaan Thialf op It Hearrenfean. Ballast Ballast Nedam is dêrby it wichtichste boubedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)