SP Opsterlân yn aksje foar skimmel yn hierwenningen

30 apr 2015 - 21:44

De swarte skimmelplakken yn harren wenning rint by in pear hierders yn Opsterlân de spuigatten út. It giet om 12 klachten dy't de SP Opsterlân krigen hat. De hierders hiere by ferskate wenningbouferieningen, ûnder oare by Elkien.

Neffens de SP wol Elkien neat dwaan oan de skimmelplakken. De wenningbouferiening seit dat it oan de bewenners sels leit. Dy moatte mear luchtsje en de kachel heger sette. De hierders sizze dat dat net helpt. De SP komt no op foar de bewenners dy't dy problemen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)