Reedrydster Antoinette de Jong fuort by Clafis

30 apr 2015 - 18:14

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum ferlit nei ien jier de ploech fan coach Jillert Anema. Al sûnt novimber twivele se oer har takomst by Team Clafis. De lieding fan de ploech tocht mei har mei en yn goed oerlis is it kontrakt ûntbûn. De trainingswize fan Anema wie êfterôf net de goeie foar De Jong. "Syn oanpak paste net by my. Ik wie der mentaal noch net klear foar", seit De Jong. Se wol har no fokusje op it langebaanride en net mear op 'e maratons.

De Jong hie ferline jier foar twa seizoenen tekene by de Clafis-ploech, mar der is earder in ein oan kaam. De Jong hat noch net in nije ploech, mar der is al wol in soad belangstelling. Alle ploegen wolle it petear mei har oangean. Se hopet oer twa wiken dúdlikens te hawwen oer har takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)