"Oplosse PGB-problemen foar 15 maaie slagget net"

30 apr 2015 - 17:15

Lytsskalige soarchoanbieders yn Fryslân tinke net dat de problemen mei de persoanbûne budzjetten (PGB) foar 15 maaie oplost binne. De Twadde Keamer wol dat steatssiktaris Martin van Rijn it útbeteljen fan PGB's foar dy tiid op oarder hat. Mar dêr hawwe de Fryske oanbieders gjin fidúsje yn.

Neffens Attsje de Vries fan Soarchbuorkerij Moai Seldsum binne de soarchoanbieders der klear mei. Sûnt jannewaris krije minsken gjin jild mear om sels yn te keapjen, mar moatte helpferlieners efterôf betelle wurdt. Mar dat wurket net, seit se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)