Jonkje op fyts rekket ferwûne by oanriding yn Drachten

30 apr 2015 - 16:04
  • It plak fan it ûngelok yn Drachten

Op 'e Suderhegewei yn Drachten is tongersdeitemiddei in jonkje fan 8 jier ferwûne rekke. Hy fytste mei syn heit oer it fytspaad by de wei en woe tusken parkearde auto's troch de dyk oerstekke. In 60-jierrige autobestjoerder út Drachten seach dat te let en koe in oanriding nei mear foarkomme. It jonkje foel mei de fyts en bruts in skonk.

It slachtofferke is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)