Snits earste 'beaconstêd' fan Europa

30 apr 2015 - 15:24
  • De lightcurb app wurdt yn Snits foar it earst grutskalich tapast

Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat tongersdei it offisjele startsein jûn foar it saneamde beaconprojekt yn Snits. De wetterpoartestêd is neffens inisjatyfnimmer Snakeware de alderearste stad yn Europa mei in folsleine iBeacon-dekking.

De lightcurb beacon is in app dêr't musea, monuminten en eveneminten, mar ek winkels en hoarekasaken en oaren berjochten stjoere kinne nei minsken yn de direkte omjouwing, as se dy behearrende fergese app delhelle hawwe op harren smartphone.

De ynformaasje dy't de minsken ûntfange is persoanlik tasnien op basis fan it profyl dat de minsken oanmeitsje. De gemeente Súdwest-Fryslân hat oant no ta tweintich iBeacons pleatst by ûnder oare it teater en monuminten. It stribjen is dat by de Snitswike al in inkelde hûnderten beacons aktyf binne yn de stêd en by de Snitsermar, sa ferwachtet boargemaster Apotheker.

De app is ûntwikkele troch it Snitser bedriuw Snakeware. Dy wol it produkt nei Snits graach útrôlje oer de rest fan Nederlân en de wrâld. Ate van der Meer fan Snakeware hat hege ferwachtings de app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)