De gemeente Dantumadiel betellet rekkens it fluchst

30 apr 2015 - 14:00
  • Gemeentehûs Weststellingwerf

Dantumadiel betellet de rekkens it fluchst fan alle Fryske gemeenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan belange-organisaasje MKB Nederlân. Dy hat alle 393 gemeenten test. Wetlik sjoen moat in rekken yn 30 dagen betelle wurde. Dantumadiel hat in trochsneed betellingstermyn fan 24 dagen. Fan de 24 Fryske gemeenten betelje der 13 binnen 30 dagen. Fan de grutte gemeenten skoare Hearrenfean en Ljouwert it bêst.

Weststellingwerf hat de leechste skoare. Dizze gemeente nimt 50 dagen de tiid foar it beteljen fan in nota.

It MKB hâldt al in pear jier by hoe lang de gemeenten dogge oer it beteljen fan nota's, omdat it hiel stadich beteljen fan rekkens bedriuwen yn problemen bringe kin. MKB-foarsitter Michaël van Straalen is der teloarsteld oer dat mar de helte fan de gemeentes him hâldt oan de wetlike betellingstermyn fan 30 dagen.

Besjoch in oersjoch fan alle Nêderlanske gemeentes yn dizze PDF.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)