Brantsje yn Harnzer dakkapel ridlik gau ûnder kontrôle

30 apr 2015 - 13:56

Yn in wente oan de Karremansstrjitte yn Harns hat tongersdeitemiddei in lyts brantsje west. De brânwacht wie mei in stikmannich auto's útrukt omdat de huzen yn 'e buert ticht opinoar steane, mar úteinlik foel it wol ta mei de brân. It fjoer, dat ûntstien wie yn in dakkapel, wie ridlik gau ûnder kontrôle.

Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net rjocht dúdlik. De bewenners wienen op it momint fan de brân net thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)