Ferskate organisaasjes yn de startblokken foar Nepal

30 apr 2015 - 12:45

In hânfol Fryske organisaasjes en bedriuwen hat oant no ta oankundige freed mei te dwaan oan de aksjedei foar Nepal. Ferskate stiftings dy't al aktyf wiene yn Nepal, hawwe har gironûmers iepensteld foar donaasjes. Kleanwinkel Rinsma op De Gordyk sammelet jild yn foar har atelier yn Nepal, dat midden yn it ierdbevingsgebiet leit.

Ek yndividuele Friezen lûke har it lot fan de slachtoffers oan: in frou út Ljouwert siedt iten foar freonen en bekenden. Dy kinne foar op syn minst 20 euro by har oanskowe, de sinten geane nei it goeie doel.

Omrop Fryslân is noch hieltyd op syk nei Friezen dy't freed yn aksje komme foar Nepal, om dêr moarn op de aksjedei omtinken oan te jaan. Maile kin nei redaksje@omropfryslan.nl. Mar belje mei ek 058 - 299 77 99. Fierder siket de redaksje ek minsken dy't op in oare wize ferbûn binne mei Nepal, trochdat se der wenne hawwe, of bannen mei ûnderhalde.

Kommissaris fan de kening John Jorritsma stipet de lanlike aksjedei foar Nepal dy't freed hâlden wurdt. De kommissaris hat in oprop ynsprutsen, om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de ierdbeving.

Yn de Hallen yn Amsterdam wurdt freed in 555-kafee ynrjochte. Dêr skowe bekende Nederlanders en artysten oan, om minsken op te roppen om yn aksje te kommen. De NPO, RTL en SBS dogge ferslach fan de aksjedei. Ek Omrop Fryslân besteget freed ekstra omtinken oan de ierdbeving yn Nepal. Yn in oantal programma's binne Friezen te hearren dy't sels yn Nepal wiene op it stuit fan de ierdbeving, of dy't help biede yn dat lân. Oant no ta is al 2,2 miljoen euro jûn op giro 555.

Trefwurden: 
aksje aksjedei Nepal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)