Learlingen Skylge benaderje bedriuw om skoalle te himmeljen

30 apr 2015 - 11:59

Learlingen fan de fjirde klasse fan skoalle 't Schylger Jouw yn Midslân hawwe sels in bedriuw benadere om de leuzen oer de NSB en konsintraasjekampen op de muorren skjin te meitsjen. Woansdei rûn de eksamenstunt op de Skylger skoalle út de hân omdat in pear learlingen net goed oer de gjalpen neitocht hiene. It is in drege put om de leuzen te ferwiderjen.

Neffens de skoalle duorret it skinmeitsjen noch wol in pear dagen. Neffens direkteur Schreuder hawwe de learlingen no goed yn de gaten dat harren aksje te fier gie.

In groepke learlingen hat tongersdei selsmakke apeltaart oanbean oan de direksje en de dosinten om sjen te litten dat it gjin goeie aksje wie fan harren klasgenoaten.

Woansdei seach de direksje dat der, neist oare eksamenstunts, ek gjalpen oer de Twadde Wrâldoarloch op de muorren stiene. De direksje hat dêrom fuortendaliks alle aktiviteiten ôfsein en de learlingen nei hûs ta stjoerd.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)