Tomme omheech yn Heech by eigen liftpeal

30 apr 2015 - 11:03

Heech en Snits krije dit jier in liftpeal. Omdat der hieltyd minder iepenbier ferfier is tusken Heech en Snits komt it faak foar dat minsken jûns net mear te plak komme kinne. In liftpeal op beide plakken kin útkomst biede, seit betinker Janke Postema. It idee 'Tomme omHeech' leit noch by de provinsje, mar de finansiering is al rûn. Beide peallen wurde duorsum; se krije sinnepanielen wêrtroch't de peallen jûns ferljochte wurde.

Neist de liftpeal komt der ek in app dêr't minsken op oanjaan kinne hoe let se by de peal binne.

Ek kinne se oanjaan wêr't se hinne wolle. Ek autoriders kinne yn de app oanjaan dat se by de peal delride. It idee Tomme omHeech komt fan Hegemer Janke Postema. Yn Snits komt de liftpeal ticht by it stasjon. Yn Heech komt de liftpeal tichtby it fuotbalfjild oan De Skatting. Postema hopet dat de peallen foar de simmer al pleatst wurde, mar dat kin ek nei de simmer wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)