Cornelis Terpstra sleept KNKB foar de rjochter om keatswant

30 apr 2015 - 10:46

Haadklasse keatser Cornelis Terpstra sleept keatsbûn KNKB foar de rjochter. Hy wol sa ôftwinge dat hy syn eigen keatswant meitsje en brûke mei. Op it stuit is dat ferbean. Der binne yn Fryslân trije produsinten dy't in lisinsje ha. De KNKB wol de besteande wantemakkers sa beskermje. It bûn wol de regels yn 2016 fersoepelje.

Terpstra wol net mear wachtsje. Hy seit dat er al 2,5 jier dwaande is en net mear wachtsje kin. Syn sportive belangen binne dêrfoar te grut. Omdat hy net mei syn eigen want keatse mei komt hy dit wykein net yn aksje.

No snein is de iepeningswedstriid fan it keatsseizoen yn Weidum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)