Harkemase Boys nei winst op ACV wer bekerfinalist

29 apr 2015 - 23:30

Harkemase Boys spilet op sneon 16 maaie de noardlike bekerfinale tsjin Staphorst. Yn de heale finale waard op De Bosk it Asser ACV mei 3-1 ferslein. Heine Uuldriks sette de Boys yn de tredde minút op foarsprong nei prachtich oanjaan fan Oebele Schokker. Tsien minuten foar it skoft makke Arton Musliu geweldich moai de 2-0. By it skoft wie de spanning werom troch Erwin Buurmeijer fan ACV.

De twadde helte wie in gefjocht, net goed mar wol spannend. Johnsen Bacuna soarge fier yn de ekstra tiid foar de 3-1 einstân.

Freed wurdt der op it bûnsburo op It Hearrenfean bepaald wêr't op 16 maaie spile wurdt: op De Harkema of yn Staphorst. Yn de ôfrûne njoggen seizoenen wûn Harkemase Boys fiif kear de noardlike beker.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)