Helptsjinsten rukke manmachtich út foar deade kat

29 apr 2015 - 21:52

De helptsjinsten binne woansdeitejûn yn Kollumersweach manmachtich útrukt nei de fynst fan in mooglik stoflik omskot. Neist it fytspaad oan it Sennaerspaad waard yn it wetter in pûde fûn. Ferskate plysje-auto's en de technyske resjerzje waarden oproppen.

Nei ûndersyk waard dúdlijk dat it om in deade kat gie.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)