Fryske Alphatrots nimt 1000 alphahelpen Limboarch oer

29 apr 2015 - 21:12

Alphatrots fan Raerd nimt mear as 1000 alphahelpen oer fan thússoarchorganisaasje De Zorggroep yn Limboarch. It giet om minsken dy't húshâldlike help biede. Alphatrots bestiet sûnt 2007 en bemiddelet foar alphahelpen. Se biede administrative en juridyske stipe en komme op foar de belangen fan de alphahelpen dy't feriene binne yn korporaasjes.

Op it stuit binne der ûngefear 3000 alphahelpen en 9000 kliïnten oan Alphatrots ferbûn troch hiel Nederlân hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)