Boeren freegje subsydzje oan út net besteande pot

29 apr 2015 - 20:29
  • Greidefûgels

De subsydzjeregeling foar agrarysk natuerbehear op minder geskikte greide yn Fryslân bestiet net mear. Dochs binne der tsientallen boeren dy't in oanfraach yntsjinje by de provinsje. De provinsje hat belange-organisaasjes lykas LTO-Noard op de hichte brocht fan it ophâlden fan de subsydzje, mar dat nijs is net by alle boeren terjochte kommen. Foar de ChristenUnie yn provinsjale steaten is dit reden fragen te stellen oan ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer.

Anja Haga fan de CU fynt dat de provinsje de boeren persoanlik ynformearje moat.

Deputearre Johannes Kramer seit lykwols dat de organisaasjes dat dwaan moatte. De provinsje is dwaande mei in nije wize fan agrarysk natuerbehear. Dêr komme nije foarmen fan subsydzje foar beskikber, seit Kramer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)