Sylroedebrêge op De Lemmer minder faak iepen

29 apr 2015 - 19:15

De Sylroedebrêge op De Lemmer sil as wize fan proef fan 1 maaie ôf minder faak iepen gean. Dat hat it gemeentebestjoer fan de Fryske Marren besletten. Gewoanwei giet de brêge yn it farseizoen bytiden wol njoggen kear de oere iepen. Dat soarget faak foar in soad fertraging foar it ferkear op de N359. Dit farseizoen sil de brêge net faker as fjouwer kear yn in oere iepengean. Dat betsjut dat boaten faker wachtsje moatte.

Hjirfoar wurde foarearst ferskate lisplakken by de kaden foar de brêge brûkt.

De gemeente kin hjirtroch minder lisplakken ferhiere, de provinsje sil dit ferlies fan tsientûzen euro kompenseare. Letter wurde der mooglik wachtplakken oanmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)