FNV moat útspraken oer supermark Harns rektifisearje

29 apr 2015 - 17:13
  • De Plussupermerk yn Harns

Fakbûn FNV mei net mear sizze dat de Plus supermerk yn Harns misbrûk makket fan 15-jierrigen. Dat hat de rjochter yn Utrecht woansdei bepaald. It fakbûn moat fan de rjochter de útspraken rektifisearje. De rjochter fynt dat it fakbûn de beskuldigings net foldwaande ûnderboud hat.

Earder sei it fakbûn dat de supermerk gjin rekken hold mei de arbeidsbetingsten fan in oantal 15-jierrigen, dat de registraasje fan oeren net goed wie en dat it personiel yntimidearre waard. De eigener fan de supermerk ûntkende de beskuldigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)