Moasje foar behâld gerjochtshôf yn Ljouwert

29 apr 2015 - 14:13

It gerjochtshôf yn Ljouwert moat gewoan iepen bliuwe. It wurk moat net ferpleatst wurde nei Swolle. Dat stiet yn in moasje fan de PvdA en D66 dy't woansdeitemiddei yntsjinne is yn de Twadde Keamer. De keamerleden Jeroen Recourt fan de PvdA en Magda Berndsen fan D66 skriuwe yn har moasje dat it gerjochtshôf goed berikber bliuwe moat foar de ynwenners fan Fryslân.

Ek fine sy it wichtich dat der Frysk praten wurde kin by de heechste rjochter.

De keamerleden wolle dat minister Van der Steur fan justysje oerleit mei ûnder oare de gemeente Ljouwert om ferlies fan arbeidsplakken foar te kommen. Pas tongersdei wurdt dúdlik oft de moasje fan D66 en de PvdA oannommen wurdt. Minister Van der Steur fan justysje hat woansdei witte litten de moasje oer nimme te wollen. Hy ynterpreteart de moasje as winsk fan de Twadde Keamer dy't hy oerbringe wol nei de Raad voor de Rechtsspraak, dy't úteinlik oer de húsfesting giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)