Fryske ljeppers nei World Sport for All Games yn Djakarta

29 apr 2015 - 13:45

In delegaasje Nederlânske fierljeppers mei takom jier nei de sechde edysje fan de World Sport for All Games yn Djakarta yn Yndonezië. It Nederlânske Fierljep Bûn hat dêr koartlyn in offisjele útnoeging foar krigen. Dy World Sport for All Games is in soarte fan Olympyske Spelen foar lytse sporten.

Earder hat Fryslân besocht dy Spelen hjir hinne te heljen, mar dat mislearre, omdat de foarkar útgie nei Djakarta. It fierljepbûn mei mei in delegaasje fan tsien minsken nei Yndonezië ta, seit foarsitter Pieter Bult.

Trefwurden: 
fierljeppen Djakarta
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)