Plysje nimt rydbewizen fan trije hurdriders yn

29 apr 2015 - 11:37

De plysje hat tiisdei op de A7 by It Hearrenfean trije rydbewizen fan hurdriders ynnaam. Se rieden 150 oant 160 kilometer de oere, wylst 100 dêr de maksimumsnelheid is. Ien bestjoerder hie gjin rydbewiis mear omdat dat earder al ynnaam wie foar te hurd riden. Omdat de dôfhûdige man foar de tredde kear trapearre is, waard syn auto yn beslach naam.

Yn de auto fûn de plysje ek noch in stellen ynvalideparkearkaart. Dêr wurdt noch neier ûndersyk nei dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)