Maltesers op besite yn Ljouwert om KH2018

29 apr 2015 - 08:52

In delegaasje út Malta is dizze wike op besite yn Ljouwert. De reden fan de besite is de gearwurking tusken de twa Kulturele Haadstêden: Valletta-Malta 2018 en Ljouwert-Fryslân 2018. De twa stêden wurkje dan gear yn ferskate projekten mei tema's as lânbou of keunst. In oare nijsgjirrige link is de taal: Malta en Fryslân ha beide in eigen taal.

De Maltesers wiene moandei ek al yn Ljouwert en hawwe doe Keningsdei meimakke. Neffens de delegaasje wie de "Orangeday" in foarpriuwke fan hoe't Ljouwert yn 2018 derút sjen kin.

Der rinne al in pear konkrete gearwurkingsprojekten: It projekt 'Potatoes go wild' op basis fan de jirpelhannel tusken Fryslân en Malta. Ek wurket it Friesland College gear mei de ûnderwiisynstelling MCast op Malta. It doel is om gearwurking Ljouwert - Valletta de kommende jierren fierder te yntinsivearjen.

Trefwurden: 
Ljouwert KH2018 Malta Valletta
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)