Prikkelearme merke foar jongeren mei beheining yn Dokkum

29 apr 2015 - 08:43

Yn Dokkum is woansdei in prikkelearme merke foar jongeren mei in geastlike of lichaamlike beheining, lykas autisme as epilepsy. It giet om in groep dy't net goed oer de drokte kin, mar wol graach nei in merke wol.

Yn Dokkum sette se spesjaal foar de dizze groep de muzyk minder lûd en binne der minder ljochteffekten. Ferline jier wie de earste merke en dat hat eltsenien goed foldien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)