Sjinkie Knegt útroppen ta Shorttracker fan it Jier

28 apr 2015 - 21:12

Shorttracker Sjinkie Knegt út Bantegea is tiisdeitejûn útroppen ta Shorttracker fan it Jier. Hy krige foar de fjirde kear op rige de Peter van der Velde-trofee. Hy waard troch syn âld-trainster Joëlle van Koetsveld van Ankeren ferrast mei de priis.

Peter van der Velde wie de lêste Nederlânske wrâldkampioen shorttrack foar Sjinkie. De priis wurdt op inisjatyf fan de KNSB útrikt. By de froulju krige Lara van Ruijven de priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)