Twadde Keamer wol gasfergunnings foarearst befrieze

28 apr 2015 - 17:01

As it oan de Twadde Keamer leit, wurde de plannen foar gaswinning yn it Waadgebiet foarearst op in sêft sin set. In Keamermearderheid stimde tiisdei foar in moasje om foarearst gjin fergunnings mear te jaan foar gasboarrings yn it Waadgebiet.

De Keamer fynt dat der earst in goede fyzje komme moat op enerzjybelied en gaswinning. Oant dy tiid moatte besteande en nije fergunningsoanfragen beferzen wurde. Minister Kamp kin de moasje trouwens noch wol njonken him dellizze. It bedriuw Tulip Oil wol op en by Skylge nei gas boarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)