Helpferliening Nepal komt op gong, tal slachtoffers rint op

28 apr 2015 - 15:42

Yn Nepal komt de helpferliening op gong. Der wurdt ek hieltyd dúdliker hoefolle slachtoffers oft der binne. Der binne mear as 5000 deaden teld en dat tal sil noch wol omheechgean.

Annette Reiling hat 38 jier op 'e Tynje wenne en sit op dit stuit yn Dadikort, in plakje fan 300 ynwenners, flakby Khatmandu. Der binne yn it doarp fiif deaden fallen. Alle bewenners wenje no yn tinten. De minsken kinne harsels rêde. Se hawwe genôch te iten en der is in wetterput. Swier ferwûnen kinne mei de auto nei it sikehûs brocht wurde.

Hans Achterbosch fan Ljouwert beklom de sân heechste berchtoppen fan de wrâld, mar de Mount Everest yn Nepal helle er yn 1992 net. Ferslachjouwer Roelof de Vries bespruts tegearre mei Achterbosch dy reis, de ramp dy't der no plakfynt en seach mei him nei foto's fan de tocht fan 1992.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)