Oanhâlden foar mishanneling op Keningsdei

28 apr 2015 - 15:16

De plysje hat moandei op Keningsdei twa manlju oanhâlden foar mishanneling. In 18-jierrige jonge út Ljouwert waard arrestearre op it Grut Skavernek yn syn wenplak. Hy hie in hoareka-gelegenheid oan de Lytse Tsjerkestrjitte in 22-jierrige man út Delft mishannele.

Yn Snits is in 43-jierrige man út de stêd oanhâlden. De man krige yn in hoareka-gelegenheid spul mei in 32-jierrige oare Snitser en sloech him mei de fûst yn it gesicht. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)